Kastanjes oanfretten troch mot

14 jul 2003 - 00:00

Kastanjebeammen oan 'e Huzumerleane yn Ljouwert binne oantaaste troch in útheemske mot, sa is moandei bekendmakke. It probleem spilet yn hiel Nederlân.

It probleem ûntstiet trochdat in ynsekt de blêden fan 'e beam oanfret. Dêrtroch wurde se brún en falle fan 'e beam. De beam sels giet net dea. De kastanjemot is yn 1998 foar it earst yn Nederlân oantroffen en komt oarspronklik út Massedoanië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)