Heale Moanne wint by De Feanhoop
De Heale Moanne fan Drachten hat moandei it skûtsjesilen by De Feanhoop wûn. Jitze Grondsma wie de rapste. Twad waard Ale Zwerver fan De Lemmer en tred waard úteinliks Drachten.
Berend Mink mei it skûtsje fan Grou kaam as tredde binnen, mar troch in protest krige er 14 strafpunten oan é broek. De Súdwesthoeke stiet stevich ûnderoan yn it klassemint.