'Dea asylsiker is skuld soarch'

© Omrop Fryslân
Asylsiker J. Mousavi hat in klacht yntsjinne by de Medyske Opfang Asylsikers. Syn frou is ferline jier stoarn troch minne soarch, fynt er.
De famylje Mousavi kaam yn 2000 út Iran nei Nederlân. De frou krige lêst fan it boarst. Yn it azc yn Appelskea soe medyske help in pear kear ôfwiisd wêze. Yn de simmer fan 2001 is se yn it sikehûs opnommen. Dat wie al te let. In jier letter stoar se oan boarstkanker. In kommisje behannelt de klacht.