Eksposysje oer skoalle fan doe

© Omrop Fryslân
De 'skoalle fan doe' is te sjen yn Bennema State yn Hurdegaryp. Op de eksposysje is te sjen hoe't de bern eartiids les krigen. Dêr't no de kompjûter yn de klasse stiet, hongen froeger platen oan de muorre om de bern wat te learen oer bygelyks fisken.
Foar âldere besikers is de útstalling mei 'boom roos vis vuur' in feest fan herkenning. Foar jonge besikers is de eksposysje nijsgjirrich en learsum. It is oant en mei 18 septimber te sjen.