Wer winst Van der Woud en Iseger

14 jul 2003 - 00:00

Dirk Jan van der Woud en Daniël Iseger hawwe in goed keatswykein achter de rêch. Sneon wûnen se de útnoegingpartij yn Boalsert, mei Klaas Anne Terpstra. Snein wie yn deselde stêd de frijeformaasjepartij dy't se ek wûnen. Tredde man wie snein Klaas Berkepas. Daniël Iseger (Huzum) waard kening.

Twadde waarden snein Rutmer van der Meer, Henk Vlietstra en Jochum Bouma en tred it partuer Pieter Van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)