Man yn ferkear om libben kommen

14 jul 2003 - 00:00

In man fan De Gordyk (58 jier) is sneintejûn om it libben kommen by ferkearsûngelok. Krekt bûten De Gordyk ried er tsien meter troch de rjochterberm en kaam ta stilstân tsjin in beam.

De bestjoerder siet yn de knipe en de brânwacht moast de man út de auto helle. De man wie al stoarn. Nei alle gedachten hat er yntern letsel oprûn by de iensidige oanriding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)