Hynsteriden yn Burgum

© Omrop Fryslân
Dennis van Tilburg út Ljouwert hat sneon op it Concours Hippique yn Burgum de Z-klasse wûn. De Ljouwerter sette in tiid del fan 38.74 en ried it parkoers flaterleas. De nûmers twa en trije, Anna Dykstra fan 'e Trynwâlden en Hester Klompmakker, makken ek gjin flaters.
Yn 'e ZZ-klasse gie de earste priis nei Peter Hokse fan Staphorst mei in tiid fan 36,25. Tredde waard Folkert Kelderman, ek fan 'e Trynwâlden.