Sjoke van der Veen-en-dy winne

13 jul 2003 - 00:00

De frouljushaadklassers keatsten snein in útnoegingspartij op Sonnenborgh yn Ljouwert. De earste priis gie nei it partuer Sjoke van der Veen, Riska Hazenberg en Afke Hylkema. Se fersloegen yn 'e finale Géjanne Buma, Tineke Algra en Hessie Westra mei 5 earsten gelyk (5-5) en 6-2.

De tredde priis wie foar it trio Linda Terpstra, Doete de Groot en Helena de Vries. Afke Hylkema wûn sneon ek al de útnoegingspartij yn Akkrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)