Winst foar trio Terpstra

© Omrop Fryslân
Klaas Anne Terpstra, Dirk Jan van der Woud en Daniël Iseger hawwe sneon de útnoegingspartij yn Boalsert wûn. Se fersloegen Sibbele Lootsma, Henk Vlietstra en Folkert van der Wei mei 5-5 en 6-2. In boppeslach fan Daniël Iseger joech de trochslach.
De lytse preemje, oftewol de tredde priis, wie foar Simon Minnesma, Jan Willem van Beem en Auke van der Graaf. Sy ferlearen fan Sibbele Lootsma-en-dy.