Notarissen: gjin lêst fan krisis

13 jul 2003 - 00:00

De Fryske notarissen hawwe gjin lêst fan de ekonomyske krisis, dit yn tsjinstelling ta de rest fan Nederlân. Dêr ferkeare goed sechstich kantoaren yn swier waar. Guon oerlibje it net, sa ferwachtet de branche-organisaasje.

Neffens bestjoerslid notaris Detmar út Boalsert binne benammen starters en notarissen dy't te konkurrearjende prizen hantearje, de dupe. Fryske notarissen ynvestearje behâldender as harren fakgenoaten earne oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)