Egon van Kammen ljept nij PR

13 jul 2003 - 00:00

Egon van Kammen fan Feanwâlden wûn sneon de fierljepperij op It Heidenskip mei in nij persoanlik rekord. Syn sprong fan 18.26 m. is de fierste dit seizoen fan in Fryske ljepper. Rein van der Wal fan Warkum waard twadde.

By de froulju gong de winst nei Ineke Prins út Ie, folge troch Antke van der Wal fan Grypskerk. By de junioaren wie Reinder Steenbeek út Drylts de bêste. De Burgumer Piet Scherjon ljepte it fierste by de jonges.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)