Hurdfytsen

13 jul 2003 - 00:00

Bertine Spijkerman fan St. Nyk is wer twadde wurden yn 'e Ronde fan Italië. Yn de achtste etappe fan Cento nei Salzano wie de Australyske Gilmore krekt wat rapper yn 'e massasprint. Yn it algemien klassemint stiet Spijkerman op it 90ste plak. Snein is as lêste in tiidrit oer 24 kilometer.

De Brinkronde fan Norg waard justerjûn wûn troch Peter Schep fan Lopik. Gjinien fan de Fryske hurdfytsers kaam by de earste 30.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)