Diere-asyls sitte wer fol

© Omrop Fryslân
De diere-asyls yn Fryslân sitte wer oan 'e nok ta fol mei bisten dy't dumpt binne. In soad fakânsjegongers litte harren húsdieren oan de kant fan 'e dyk achter. Meastentiids giet it om jonge katsjes. Soms binne se der ek noch min oan ta, benammen as se in skoftlang gjin drinken of iten hân hawwe.
Diereambulânses hawwe de hannen fol oan it opheljen fan 'e bistkes. De katten wurde nei de bistedokter of nei it asyl ta brocht.