Fermiste man dea fûn

12 jul 2003 - 00:00

De 55-jierrige Berend Voet fan Surhústerfean, dy't sûnt ferline wike moandei fermist waard, is dea fûn yn it Grinslanner Mearum.

Voet kaam ferline wike net opdaagjen by in nierdialyze yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Sûnt dy tiid waard der nei him socht. De man is neffens de plysje net it slachtoffer wurden fan in misdriuw.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)