Swimwetter Fryske strannen goed

12 jul 2003 - 00:00

De kwaliteit fan it swimwetter op de Fryske strannen is goed. Dat docht bliken út ûndersyk fan Rykswettersteat. De tests binne yn 'e lêste twa wiken fan juny útfierd. Rykswettersteat ûndersiket dan it swimwetter op 'e Waadeilannen en dat by Harns.

Op alle plakken krige it wetter it predikaat 'goed'. It swimwetter wurdt ein dizze moanne opnij ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)