Partikuliere bewaking yn Midslân

12 jul 2003 - 00:00

In partikuliere bewakingstsjinst sil dizze simmer yn Midslân op Skylge it útgeanspublyk yn 'e gaten hâlde. De pleatslike ûndernimmersferiening naam it inisjatyf dêrta. Oant en mei 6 augustus stean de bewakers 'op skerp' yn it sintrum fan it doarp.

Ferline jier waarden de bewakers foar it earst op proef ynset. Dat foldie sa goed dat besletten is dit jier troch te setten. Oft de bewaking struktureel wurdt, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)