De Jong wol ek 2e Kameleonfilm

© Omrop Fryslân
As regisseur Steven de Jong op 'e tiid it jild by-inoar kriget, wol er ein dit jier begjinne mei de opnames foar it ferfolch op 'De schippers van de Kameleon'. Dy film hat al mear as 200.000 besikers lutsen. De Jong is op it stuit op syk nei ynvestearders.
De kâns op in twadde film, basearre op it boek 'Kameleon Ahoy', hinget ek ôf fan de CV-regeling. Dy regeling om belestinfrij jild yn in Nederlânske film te stekken wurdt mooglik ôfskaft.