Hearrenfean ferliest mei 4-1

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat freedtejûn yn Appelskea mei 4-1 ferlern fan Steaua Boekarest. De Roemenen, dy't it ôfrûne seizoen twadde wiene yn de Roemeenske kompetysje, wiene op alle fronten better.
Doe't Hearrenfean al mei 4-0 achterstie, makke Santi Kolk de 'earetreffer' yn dizze oefenwedstriid. Ferdigener Erik Edman die freed ek wer mei, mar allinnich yn de twadde helte.