Fertochten brute oerfal oppakt

11 jul 2003 - 00:00

De plysje hat trije fertochten oppakt yn ferbân mei de oerfal op de yllegale himpkwekerij op it Hearrenfean. De fertochten binne in 37-jierrige Hearrenfeaner, in 33-jierrige man út Opsterlân en syn 29-jierrige broer út Boarnsterhim.

By de oerfal op de kwekerij waarden twa omstanners delstutsen en besketten. It iepenbier Ministearje hat de fertochten moard yn feriening ten lêste lein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)