Wachttoer fyftich jier

© Omrop Fryslân
De wachttoer by Aldemardum bestiet freed fytich jier. De toer is yn de Koude Oorlog delset om Russyske fleantugen op te spoaren.
Nei de Twadde Wrâldoarloch binne 21 útsichttuorren yn Fryslân boud. Doe't de Sovjet-Unie, it Reade Gefaar, gjin bedriging mear foarme, binne de tuorren ôfbrutsen. De betonnen toer by Aldemardum is lykwols bewarre. Freed waarden fiif âld-luchtwachters troch boargemaster Pitlo by de toer betanke.