PC-keningen no ek op cd

11 jul 2003 - 00:00

PC-keningen Klaas Anne Terpstra, Chris Wassenaar en Cornelis Terpstra ha in cd-single opnommen. Tongersdei komt it nûmer, 'De trije keningen', út en dan kin elk beoardiele oft de manlju like goed sjonge as keatse kinne.

De trije wiene kening yn 2000, 2001 en 2002 en komme allegear út Minnertsgea. Nei ôfrin fan de PC steane de keatsers al boekt foar in optreden. No mar hoopje dat in eventueel 'keningsfeest' dan net útrint.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)