Minima wachtsje op ekstraatsje

11 jul 2003 - 00:00

Gemeenten sjitte net op mei de útkearing fan in ekstraatsje foar minima. Dat is de miening fan GrienLinks, dy't in ûndersyk dien hat ûnder 62 gemeenten yn Nederlân. 93% fan de gemeenten hawwe de ekstra útkearing noch net betelle oan de minima.

It giet om in útkearing dy't ôfpraat is yn it nijjiersakkoart fan ferline jier. Fan de Fryske gemeenten binne It Hearrenfean en Harns ûndersocht. Dy ha de útkearing noch net betelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)