4% mear oerslach Harnzer haven

© Omrop Fryslân
De haven yn Harns hat ferline jier fjouwer persint mear oerslein as yn 2001. Dat stiet yn it jierferslach fan de Nationale Havenraad. Goed 85 persint bestie út mineralen.
Dêr waarden minder fan oanfierd, mar mear fan ôffierd. De oerslach fan lânbouguod is flink tanaam, mei hast in kwart. Mei inoar waard goed 1.000.000 ton oerslein.