Skea fjild Cambuur falt ta

11 jul 2003 - 00:00

De skea dy't Auke Visser oan it nije Cambuur-fjild tabrocht hat, liket ta te fallen. De kosten foar it herstel fan it fjild en it fuortslepen fan de frachtwein binne in pear tûzen euro.

De Ljouwerter, ek bekend as Auke de Sloper, fernielde tongersdei mei syn frachtwein de boppelaach fan it sânbed. Cambuur wol de skea ferhelje op Visser, mar dy wol net betelje. Yn it slimste gefal soe de Cambuurfan in stadionferbod krije.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)