Aldehou dit wykein jûns iepen
De Aldehou yn Ljouwert sil sneon- en sneintejûn iepen wêze foar publyk, ûnder it biedwurd 'Ljouwert by nacht'. It inisjatyf komt fan Alex en Gerard, frijwilligers by de Aldehou. Se organisearje de jûnsklim tegearre mei de VVV Ljouwert.
By proefjûnen kamen der in goede 20 minsken op ôf. Alex en Gerard wolle de Aldehou mear op de kaart sette en tinke der oer om yn de takomst temajûnen te organisearjen, lykas mei Halloween.