Ferhuzingsaksje MCL-súd

10 jul 2003 - 00:00

In hiele ôfdieling, mei pasjinten en al, wurdt op it stuit ferhuze nei de nijbou fan MCL-súd. It sikehûs is al lang dwaande mei de ferbouwing en no geane de earste pasjinten oer nei de nijbou.

Om komplikaasjes foar te kommen, binne der ekstra reanimaasjeteams beskikber en binne de meast sike pasjinten foar de wissichheid nei de Intensive Care oerbrocht. It MCL ferhuzet net mear as 20 pasjinten op ien dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)