Flechtlingen op It Amelân bleaun

© Omrop Fryslân
Twa asylsikersgesinnen binne tongersdei op It Amelân bleaun. Se ferwachtsje oer inkelde dagen de ôfwizing fan har asylfersyk. Neffens foarsitter Fokkema fan it Amelanner stipekomité, wolle de gesinnen bliuwe om't se oars op in oar plak yn Nederlân op strjitte set wurde.
De gesinnen ha oanjûn dat se dan leaver op It Amelân bliuwe wolle, om't se dêr kunde ha. De rjochter bepaalde dat de flechtlingen oant 'e ein fan it skoaljier bliuwe mochten.