Kontrakt Max Houttuin ûntbûn

© Omrop Fryslân
It kontrakt fan middenfjilder Max Houttuin fan SC Hearrenfean is ûntbûn. Dat is bard fia in proseduere by de arbitraazje-kommisje fan it fuotbalbûn KNVB. Houttuin hie noch in kontrakt oant 2004 by Hearrenfean.
Hy kaam yn it seizoen 1996/1997 by de klub. De lêste twa jier wie er ferhierd oan BV Veendam. Max Houttuin sil werom nei syn âlde klub Blauw Wyt '34 yn Ljouwert.