Undersyk nei stjerte seehûnen

10 jul 2003 - 00:00

Mear as 3000 seehûnen binne ferline jier yn it Nederlânske part fan de Waadsee deagien oan it distemper-firus. Dat docht bliken út sifers fan ûndersyksynstitút Alterra. Alterra is as advysorgaan ferbûn oan it Ministearje fan Lânbou.

Der binne op it stuit likernôch 3200 seehûnen yn de Waadsee. Dat is likefolle as yn 1999. Alterra tinkt dat it fjouwer of fiif jier duorret foar't de populaasje wer op peil is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)