Waadferiening jout tydskrift út

09 jul 2003 - 00:00

De Waadferiening fart in oare koers. De aksjeferiening wurdt hieltyd mear in lobbygroep mei saaklike partners as banken, de Postcode Loterij en kleanwinkels. Ek it nije tydskrift Wadden past yn dat byld.

It is in dik, glossy tydskrift wurden dat twa kear yn it jier útjûn wurdt. Der steane artikels yn oer seefûgels, mar ek oer funsporte lykas kanofarre op see en draakjefleane. It is te keap yn kiosken yn it gebiet by it Waad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)