Krusing Ryptsjerk krijt foarrang

09 jul 2003 - 00:00

De krusing yn de Trynwâldsterdyk by Ryptsjerk komt mooglik op de prioriteitelist fan de provinsje. Dat is de útkomst fan it oerlis tusken deputearre Baas en wethâlder Bakker fan Tytjerksteradiel. Ek wurdt besjoen oft it feiliger meitsjen fan de dyk troch provinsje en gemeente betelle wurde kin.

Skoalbern hawwe 307 hantekens sammele nei't der op Himelfeartsdei in famke fan 11 jier omkaam by in oanriding op de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)