Burgum Staalbouw is fallyt

© Omrop Fryslân
Burgum Staalbouw is fallyt. De tachtich meiwurkers hawwe woansdei dien krigen. In pear meiwurkers kinne fan 't simmer trochwurkje. Kurator De Wilde is pessimistysk oer de trochstart- mooglikheden. Der binne op it stuit wol trije kandidaten foar oername mar der is noch net in bod útbrocht op de fallite ynboedel fan it bedriuw.
De skuldelêst is oprûn oant mear as twa miljoen euro. Ynskattingsflaters by in pear grutte oarders binne de oarsaak.