Antillianen langer fêst

09 jul 2003 - 00:00

De twa Antillianen dy't ferline wike oppakt binne fanwege de sjitpartijen yn Ljouwert, moatte yn alle gefallen noch 30 dagen fêstsitte. Sa bepaalde de rjochtbank fan Ljouwert woansdei. De twa manlju fan 23 jier wurde fertocht fan belutsenens by alle 3 sjitpartijen de ôfrûne wiken yn Ljouwert.

By de lêste sjitpartij kaam in 19-jierrige man om it libben en rekke in 21-jierrige swier ferwûne. Sawat 40 resjersjeurs wurkje oan de saken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)