Mei falsk jild betelle

© Omrop Fryslân
Fjouwer manlju út Litouwen binne woansdei oanhâlden foar it yn omloop bringen fan falsk jild. Se betellen yn in supermerk oan de Tynjedyk mei in falsk biljet fan 100 euro. Om't it personiel it net fertroude, waard de bank en de plysje ynskeakele.
Oan 'e hân fan it kenteken dat it personiel notearre hie, koene de manlju yn de wyk Bilgaard oanhâlden wurde. Yn de auto lei 4000 euro, wêrfan in part bestie út falske biljetten fan 100 euro.