Pieter Weening wurdt prof

09 jul 2003 - 00:00

Hurdfytser Pieter Weening fan de Harkema wurdt prof. Takom seizoen makket er de oerstap nei de profploech fan de Rabobank. Weening fytst no noch foar de amateurs fan de Rabo-ploech. Hy hat in kontrakt foar twa jier tekene.

Pieter Weening is 22 jier en is ien fan de bettere amateurs. Yn oktober 2003 docht er foar it lêst as amateur mei oan it WK yn Kanada. Dêrnei rjochtet er him as prof op de lytsere etappekoersen benammen yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)