'Mear feiligens op Iselmar'

09 jul 2003 - 00:00

Silers en bestjoerders fan krusers moatte better op de gefaren fan it farren op de Iselmar wiisd wurde. Dêrmei kin it tal ûngemakken werom brocht wurde. Ek moat de dekking fan it marinofoanberik by de Lemmer ferbettere wurde. De betonning fan de rûtes op de Iselmar kin ek better.

Dat binne in tal konklúzjes út in konseptrapport oer it wurk fan de Centrale Meldpost Iselmar. Jierliks komme dêr sawat 500 meldings binnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)