Ljouwerter ferdronken yn Menaam

09 jul 2003 - 00:00

In 66-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tiisdeitemiddei ferdronken yn de Menamerfeart. Hy wie ûnderweis yn in boat dy't bestjoerd waard troch in 69-jierrige ynwenner fan Sint Jabik.

Doe't se in plakje sochten oan de Lytse Dyk yn Menaam ferlear de Ljouwerter syn lykwicht en foel yn it wetter. De skipper koe him der net mear útkrije. Dat slagge omstanners al, mar doe wie it al te let. Koart nei oankomst yn it MCL yn Ljouwert ferstoar er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)