Perselen Oldenburger ferkocht

© Omrop Fryslân
De lêste twa oerbleaune perselen fan de fallite ôffalferwurker Oldenburger yn Ljouwert binne ek ferkocht oan Afvalsturing Friesland. Dêrmei hat de Afvalsturing no de totale grûn fan 3,5 hektare yn hannen. Earder wie it earste part al oankocht, mar de Afvalsturing woe de lêste twa perselen net hawwe om't der in hiel soad smoargens leit.
Troch in taname fan de fraach út Dútslân kin dy smoargens no goedkeaper ferwurke wurde.