LPF Fryslân praat oer takomst

09 jul 2003 - 00:00

It bestjoer fan de ôfdieling Fryslân fan de Lijst Pim Fortuyn beslist tongersdei oer har takomst. Dat dogge se nei de algemiene ledegearkomste fan de lanlike partij. De posysje fan de no skorste Rients Saakstra komt dan oan 'e oarder.

Saakstra waard 25 juny op non-aktyf set om't er krityk utere hie op it haadbestjoer fan de LPF. De twa oerbleaune Fryske bestjoersleden tinke der oer om ek op te stappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)