Stikken rút Achmeatoer ferfongen

09 jul 2003 - 00:00

It stikkene rút boppe yn de Achmeatoer is tiisdeitejûn ferfongen. It rút gie begjin april al stikken om't der ien mei wat hurds tsjin oan klapt wie. It gie allinnich om it binnenrút. Der moast wol in kraan oan te pas komme om it folsleine rút te ferfangen.

De Achmeatoer hat yn syn koarte bestean al faker swierrichheden hân. Twa kear binne der natuerstiennen ôfwaaid en ien kear hat in glêzewaskersbakje de toer skeind.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)