Friezen net heech oplaat

08 jul 2003 - 00:00

Friezen binne oer it algemien leech oplaat yn ferliking mei ynwenners fan oare provinsjes. Allinnich yn Drinte is it trochsneed opliedingsnivo noch leger. Yn Utrecht wenje de measte heech oplate minsken: 38%. Fryslân hat der 20%. Dat docht bliken út CBS-sifers.

As redenen fiert it ûndersyksynstitút oan dat Fryslân gjin universiteit en mar inkelde hegeskoallen hat. Boppedat ha de kwaliteit fan it ûnderwiis en it bane-oanbod ynfloed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)