Shantykoar sjongt toantsje leger

08 jul 2003 - 00:00

Leden fan in shantykoar út Grinslân binne dit wykein flink mislik wurden op in boattocht op de Noardsee. It koar soe optrede foar in groep angelders, mar koe net oer de hege duning. Sjongen wie der doe net mear by.

It skip út Dokkum socht doe it rêstigere wetter fan de Waadsee mar op. Dêr koene de koarleden mei jenever wer by sûp en stút brocht wurde. It koar krijt takom jier wer in útnoeging fan 'e fiskers...

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)