Mear fakânsjewurkers as oars

08 jul 2003 - 00:00

Dizze simmer binne der yn Fryslân mear fakânsjewurkers as ferline jier, sa makket útstjoerburo Randstad yn Ljouwert bekend. De lanlike tendins lit wol in delgong sjen fan it tal tydlike krêften, mei troch de ekonomyske krisis.

Produksjewurk yn it fabryk is yn Fryslân noch altiten it populêrste fakânsjebaantsje foar jongerein fia it útstjoerburo. Dêrnjonken sprekke ek de hoareka en de administraasje jongerein oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)