Skipper Smits identifisearre

© Omrop Fryslân
De plysje hat it stoflik omskot fan skipper Sjak Smits identifisearre. Ut DNA-ûndersyk hat bliken dien dat it om it lichem fan de 42-jierrige âld-Ljouwerter giet.
Smits wie eigner fan de kotter Victory dy't ein 2001 fergie op see yn de buert fan Den Helder. Begjin dit jier waard it wrak fûn. Fan de fjouwer opfarrenden binne no trije identifisearre. De plysje siket fierder nei de lêste fermiste, in 67-jierrige Amsterdammer.