NK skakelsilen op Snitsermar

© Omrop Fryslân
Dit wykein waard op 'e Snitsermar it NK skakelsilen hâlden. Freed, sneon en snein waarden yn totaal acht wedstriden fearn. Thijs Kort út Drachten waard earste. Hy wûn, tegearre mei syn freondinne Willy Boomsma, seis fan de acht wedstriden.
Syn jongere broer Erik Kort fan Grins waard twadde. Ronald Damen kaam op it tredde plak. Hy waard earder al njoggen kear kampioen.