Utwreiding streekmuseum Dokkum

© Omrop Fryslân
It streekmuseum yn Dokkum, it Admiraliteitshûs, wol útwreidzje fanwege it Bonifatiusjier 2004. Yn it museum is net genôch rûmte om alle materiaal oer Bonifatius út te stallen. Njonken it Admiraliteitshûs stiet de Baptistetsjerke.
It kolleezje fan B&W hat no mei de tsjerkeried fan de baptisten ôfpraat om gebouwen te ruiljen. Dongeradiel krijt de tsjerke en de Baptistegemeente krijt it gymnastyklokaal fan de eardere Mavo.