Oefenwedstriid Hearrenfean: 11-0

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean hat sneontejûn mei 11-0 wûn fan in kombinaasjeploech fan fuotballers út de gemeente Gaasterlân-Sleat. De oefenwedstriid waard spile foar sa'n 1600 taskôgers op it fjild fan NOK yn Aldemardum.
By it skoft wie it 8-0 foar de Feansters mei doelpunten fan ûnder oare Romano Denneboom (3 kear) en Richard Knopper (2 kear). Nei it skoft brocht Foppe de Haan alve nije spilers binnen de linen.