Trio Lootsma wint yn Ternaard

© Omrop Fryslân
It trio Sibbele Lootsma, Kor Zittema en Marten Feenstra hat sneon de útnoegingspartij yn Ternaard wûn. Yn de finale wûnen se oertsjûgjend fan it partoer Klaas Anne Terpstra, André Kuipers en Chris Wassenaar, mei 5-2 en 6-2.
Op dy stân sloech Klaas Anne Terpstra kwea op. Sibbele Lootsma, de foarbêst- opslagger waard ta kening útroppen. De tredde priis wie foar Klaas Berkepas, Tjitte Bonnema en Daniel Iseger.