Film oer bruorren Toxopeus

05 jul 2003 - 00:00

Oer it libben fan rêdingsboatskippers Mees en Klaas Toxopeus wurdt in film makke. Alteast as it oan Hans van Seventer leit. De bruorren Toxopeus wiene jierrenlang skipper op 'e ferneamde boat Insulinde. Dat skip hie as thúshaven Eastmahorn yn 'e tiid dat de Lauwersmar noch iepen wie.

Foar de film wurde publyksoandielen útjûn foar 15 euro it stik. As de film klear is, jildt it oandiel as bioskoopkaartsje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)