Seesiler Arie Boom is wer thús

© Omrop Fryslân
Seesiler Arie Boom is sneon yn syn thúshaven Harns weromkommen nei in wrâldreis fan tsien moanne. Famylje en freonen stiene him op te wachtsjen op 'e wâlskant.
Boom woe mei syn reis omtinken freegje foar de izersteapelingssykte, dy't fiif jier ferlyn by him konstatearre waard. Troch de sykte moast er de reis earder ôfbrekke. Nij doel fan Boom is mei in kemper troch Amearika. Troch syn sykte kin Boom skielk net mear rinne.